Cultuurfonds Fryslân: Bestjoerslid

It Cultuurfonds Fryslân yn Ljouwert siket twa Bestjoersleden foar 4 gearkomsten per jier | Fakatuere foar in Nevenfunksje, Ûnbetelle | Sluitingsdatum: 15-11-2026



Hé kultuerekspert! Setsto dyn kennis yn foar it Cultuurfonds Fryslân?

It Cultuurfonds is it grutste partikuliere fûns yn Nederlân en ynvestearret yn keunst, kultuer, erfgoed en natuer. Njonken it lanlik buro yn Amsterdam binne der 12 ôfdielings, yn alle provinsjes ien, dy’t mei in eigen budzjet bydrage oan projekten mei ympakt op de mienskip.

Wy sykje mei yngong fan 1 jannewaris 2027 foar it Cultuurfonds Fryslân twa nije

Bestjoersleden

4 gearkomsten per jier

… mei in brede belangstelling foar de kulturele sektor. Ien dêrfan sil ponghâlder wurde.

It Cultuurfonds Fryslân ynvestearret 500.000 euro yn ’t jier yn kultuer en natuer yn ‘e provinsje. Dat dogge wy mei de finansjele bydrage fan de VriendenLoterij en Nederlandse Loterij, fan donateurs, út neilittenskippen en yn ‘e mande mei ús partners.

Wat silst dwaan?
As lid fan it bestjoer komst fjouwer kear yn ’t jier gear mei in ynspirearjende groep fan noch fjouwer eksperts, ûnder foarsitterskip fan de kommissaris fan de Kening, A.A.M. Brok. Mei-inoar beslute jimme oer de bydrage oan de yntsjinne projekten op it mêd fan byldzjende keunst, skiednis en letterkunde, muzyk, teäter, dûns en film, en natuer.

Alle yntsjinne fersiken binne troch it buro al fan in ‘pree-advys’ foarsjoen. Do tinkst mei oer de advizen op alle mêden en bringst dyn ekspertize yn. Praatst mei oer de provinsjale strategy. Do bist ‘ambassadeur’ fan it Cultuurfonds Fryslân en giest sa no en dan op útnûging by projekten op besite. Foar de funksje fan ponghâlder jildt datst bûten de gearkomsten om de finânsjes fan it fûns kontrolearrest. Dêrby wurdst troch it buro stipe.

Wat nimst mei?
Fan dy ferwachtsje wy datst de nedige ekspertize op it mêd fan kultuer hast, beskikst oer in goed netwurk yn ‘e provinsje Fryslân en ek yn ‘e provinsje wennest. Dêrnjonken binne de gearkomsten yn it Frysk. In iepen hâlding oangeande de Fryske taal is dan ek in betingst.

Wat biede wy dy?

  • Meitinke mei en meidwaan oan de strategy fan de ôfdieling Fryslân en it lanlik Cultuurfonds op it mêd fan kultuerbelied, mesenaat, nije gearwurkingspartners ensfh.
  • Utnûgings foar iepenings fan projekten dy’t mei bydragen fan it Cultuurfonds ta stân kommen binne.
  • In fergoeding fan € 250 de gearkomste.

Wa bisto?
Wy stribje nei in ferskaat en ynklusyf Cultuurfonds. Wy sjogge dan ek út nei in kandidaat dy’t ús bestjoer oer alle boegen fuortsterket.

Entûsjast wurden?
Bist entûsjast wurden? Stjoer dan fóár 16 novimber 2026 dyn motivaasjebrief mei cv nei friesland@cultuurfonds.nl.

Fragen?
Foar fragen kinst kontakt opnimme mei Mirjam Sutman Meijer, sekretaris / adviseur it Cultuurfonds Fryslân, telefoannûmer 06-46834232 of mirjam@cultuurfonds.nl.

Sollisitearje!

Mear ynformaasje oer de organisaasje: sjoch ús webside.


Het Cultuurfonds Friesland in Leeuwarden zoekt twee Bestuursleden voor 4 vergaderingen per jaar | Vacature voor een Nevenfunctie, Onbezoldigd | Sluitingsdatum: 15-11-2026



Hé cultuurexpert! Zet jij jouw kennis in voor het Cultuurfonds Fryslân?

Het Cultuurfonds is het grootste particuliere fonds in Nederland en investeert in kunst, cultuur, erfgoed en natuur. Naast het landelijk bureau in Amsterdam zijn er 12 afdelingen, in elke provincie één, die met een eigen budget bijdragen aan projecten met impact op de samenleving.

Wij zoeken per 1 januari 2027 voor het Cultuurfonds Fryslân twee nieuwe

Bestuursleden

… met een brede belangstelling voor de culturele sector. Waarvan één ook de rol van penningmeester bekleedt.

Het Cultuurfonds Fryslân investeert 500.000 euro per jaar in cultuur en natuur in de provincie. Dat doen we met de financiële bijdrage van de VriendenLoterij en Nederlandse Loterij, van donateurs, uit nalatenschappen en samen met onze partners.

Wat ga je doen?
Als lid van het bestuur kom je viermaal per jaar samen met een inspirerende groep van nog vier experts, onder voorzitterschap van de commissaris van de Koning, A.A.M. Brok. Samen besluiten jullie over de bijdrage aan de ingediende projecten op het gebied van beeldende kunst, geschiedenis en letteren, muziek, theater, dans en film en natuur.

Alle ingediende verzoeken zijn al voorzien van een ‘preadvies’ door het bureau. Je denkt mee met de adviezen op alle terreinen en brengt je expertise in. Je brainstormt mee over de provinciale strategie. Je bent ‘ambassadeur’ van het Cultuurfonds Fryslân en bezoekt op uitnodiging af en toe projecten.

Voor de functie van penningmeester geldt dat je buiten de vergaderingen om de financiën van het fonds controleert. Hierbij word je ondersteund door het bureau.

Wat neem jij mee?
Van jou verwachten we dat je de nodige expertise hebt op het gebied van cultuur, beschikt over een goed netwerk in de provincie Fryslân en ook in de provincie woont. Daarnaast vinden de vergaderingen plaats in het Fries. Een open houding ten aanzien van de Friese taal is dan ook een voorwaarde.

Wat bieden wij jou?

  • Meedenken met en meedoen aan de strategie van de afdeling Fryslân en het landelijk Cultuurfonds op het gebied van cultuurbeleid, mecenaat, nieuwe samenwerkingspartners et cetera.
  • Uitnodigingen voor openingen van projecten die met bijdragen van het Cultuurfonds tot stand zijn gekomen.
  • Een vergoeding van € 250 per vergaderronde.

Wie ben jij?
Wij streven naar een divers en inclusief Cultuurfonds. Wij kijken dan ook uit naar een kandidaat die ons bestuur in allerlei opzichten versterkt.

Enthousiast geworden?
Ben je enthousiast geworden? Stuur dan vóór 16 november 2026 je motivatiebrief met cv naar friesland@cultuurfonds.nl.

Vragen?
Voor vragen kun je contact opnemen met Mirjam Sutman Meijer, secretaris / adviseur het Cultuurfonds Fryslân, telefoonnummer 06-46834232 of mirjam@cultuurfonds.nl.

Solliciteer!

Meer informatie over de organisatie: zie onze website.